Brief Skylge nei CdK oer Frysk

30 des 2011 - 15:11

De gemeenteried fan Skylge hat grutte muoite mei offisjele publikaasjes fan 'e provinsje Fryslân yn it Frysk. De ried freget yn in brief Kommissaris Jorritsma om publikaasjes dy't foar Skylge fan belang binne tenei yn it Nederlânsk te dwaan, want Skylgers lêze gjin Frysk, seit riedslid Schellenberg.

De ried hat ferskate klachten krigen oer in publikaasje fan de provinsje oer de Natura 2000-regels. Dy publikaasje wie yn it Frysk. Neffens Schellenberg is de ientalich Fryske publikaasje ek yn striid mei de nije taalwet fan it ministearje fan ynlânske saken.

De ûntwerp-taalwet makket in útsûndering foar de Waadeilannen. Offisjele publikaasjes foar de eilânbewenners hearre neffens de ûntwerp-wet yn it Nederlânsk. Schellenberg is njonken riedslid ek foarsitter fan it Gewest Fryslân fan 'e PvdA. Hy is net tsjin it Fryske taalbelied, sa seit er, mar wol tsjin ientalich Fryske publikaasjes dy't ek foar Skylge fan belang binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)