Kuorballer Gerritsen hâldt op

30 des 2011 - 11:50

In slepende rêchblessuere makket in ein oan de karriêre fan topkuorballer Michiel Gerritsen fan It Hearrenfean. Hy kin weromsjen op in karriêre mei hege piken en djippe dalen. Sa waard er trije kear ferkeazen ta kuorballer fan it jier, mar hie er ek te krijen mei swiere knibbelblessueres. Mei it Nederlânsk team waard er twa kear wrâldkampioen en in kear Europeesk kampioen.

Gerritsen begûn syn karriêre by Blau Wyt op It Hearrenfean. Syn lêste klup wie Nic yn Grins.

Trefwurden: 
kuorbal Michiel Gerritsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)