Frijkaarten Freed: yn de rige

30 des 2011 - 11:22

De aksje Frijkaarten Freed fan teater De Harmonie yn Ljouwert giet poerbêst. Hûnderten minsken stiene freedtemoarn yn de rige om kaarten te keapjen. De skouboarch hat in ienmalige aksje betocht om it nije teaterseizoen foar besikers ekstra oantreklik te meitsjen.

Fan moarns tsien oere ôf kinne minsken oan de kassa kaartsjes keapje. Se krije dan foar de foarstelling it twadde kaartsje fergees. Nei in heal oere wiene der foarstellings folslein útferkocht. De aksje duorret noch oant fjouwer oere freedtemiddei.

Trefwurden: 
De Harmonie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)