Man driget mei slachtersmes

30 des 2011 - 10:04

Yn Koatstertille hat in 74-jierrige ynwenner fan it doarp in doarpsgenoat bedrige mei in slachtersmes. De man hie op it parkearplak by in supermerk wurden krigen mei in 48-jierrige oare man. De rûzje rûn út de hân doe't de bejaarde man in slachtersmes pakte en de oar oanfalle woe. It slachtoffer naaide út en gong de supermerk yn.

De plysje hat de âldere man by him sels thús oanhâlden. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
slachtersmes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)