Sangers giet oer nei Damstra

© stock.xchng/stevednp3
It 103 jier âlde bedriuw Sangers Ynstallaasje út Aldwâld is fan 1 jannewaris ôf yn hannen fan ynstallaasjebedriuw Damstra. Sangers is it fjirde bedriuw dat yn de lêste jierren troch it bedriuw yn Driezum oernaam wurdt. Earder waarden ûnder oare Westerman út Ljouwert en Visbeek út Sint Anna oernaam.
Sangers is begûn yn 1908. Om't der gjin opfolging is, giet it bedriuw oer. Damstra hat no 140 meiwurkers yn tsjinst.