Jorrit Bergsma wint Enschede

29 des 2011 - 22:07

Jorrit Bergsma hat tongersdeitejûn de alfde maraton om de KPN Maraton Cup wûn. Yn Enschede wie de Boarnster de rapste fan in seis man sterke kopgroep. Frank Vreugdenhil waard twadde, Ingmar Berga tredde. It wie foar Bergsma, dy't troch it riden op de langebaan net oan alle wedstriden meidwaan kin, de tredde oerwinning fan it seizoen. Fjouwerfâldich Nederlânsk kampioen Arjan Stroetinga die net mei yn Enschede, hy hie in snipperdei.

By de froulju wie Foske Tamar van der Wal wer ris de rapste. Mei har tsiende oerwinning, acht foar de Maraton Cup en twa yn frije wedstriden, fersloech se yn de massasprint Nederlânsk kampioene Mariska Huisman en Maria Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)