SEH Nij Smellinghe ferboud

29 des 2011 - 19:14

De Spoedeaskjende Help fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is hielendal ferboud. Mear behannelkeamers, nije kompjûtersystemen en in bettere yntree. Pasjinten dy't akute soarch noadich hawwe kinne no better holpen wurde.

Hjir en dêr moat noch wat ôfwurke wurde, mar de ôfdieling is al folop yn bedriuw. En dat is nedich omdat it op âldjiersjûn en -nacht altyd smoardrok is. De ferwachting is dat der no mear pasjinten holpen wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)