Weromsjen: papier-masjee-boat

29 des 2011 - 16:13

Foar ús Aldjiersrige sjogge we werom op opmerklik nijs fan it ôfrûne jier mei de minsken dy't dêrby belutsen wienen. Hjoed binne we by stedskeunstner Martin Winters. Mear as twa jier wie er dwaande mei syn skip fan papier-masjee. It wie makke mei help fan de Ljouwerter befolking en feestlik te wetter litten op 8 septimber.

Syn projekt Het Schip de Lading waard dêrmei in ynspiraasjebron foar de organisaasje achter Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Mar wat barde der krekt mei it skip en syn kaptein, nei 't Winters fernaam dat de romp fan papier-masjee lek wie en it skip drige te sinken?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)