'Los striid waddenferfier op'

Der soe in bemiddeler komme moatte om in ein te meitsjen oan de machtsstriid tusken Doeksen en de EVT. Dat fynt de nasjonale ombudsman Alex Brenninkmeijer. De striid giet ten koste fan de passazjier.
De ombudsman kin sels net in bemiddeler oanstelle, dan moatte de partijen earst nei him tastappe. Hy hat wol in útspraak dien oer de BTW-regeling dy't der is. De minister moat dêr opnij nei sjen want neffens de ombudsman is Rederij Wadden Transport net earlik behannele troch de minister fan finânsjes.
Rederij Wadden transport moat wol BTW berekkenje, en Doeksen hoecht dat net. Binnen twa moanne moat de minister reagearje op it advys fan de ombudsman. Sa'n advys wurdt yn 98 prosint fan de gefallen oernaam. Dat soe bestjutte kinne dat Rederij Wadden Transport better konkurrearje kin mei Doeksen.