Dronken famke (15) yn koma

© ANP XTRA
In 15-jierrich famke út Eastermar is woansdeitejûn nei it sikehûs brocht omdat se safolle alkohol dronken hie dat se út de tiid rekke. Se hie yn in wenning oan De Rien yn Drachten de drank dronken. Fia it alarmnûmer 112 binne de helptsjinsten belle. It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. Tongersdei lei se noch hieltyd yn koma.
Letter dy nacht moasten portiers fan in hoarekasaak oan de Noardkade yn Drachten in 15-jierrige jonge fan De Pein fan strjitte helje. Ek hy wie swier ûnder ynfloed fan alkohol.
Hy is earst meinommen nei it plysjeburo. Dêr binne syn âlders warskôge.