Sven nei EK Boedapest

28 des 2011 - 17:21

Sven Kramer hat him pleatst foar de Europeeske kampioenskippen allround yn Boedapest. Hy hat it startplak fertsjinne by de seleksjewedstriden foar it EK, dy't hâlden waarden yn Thialf op It Hearrenfean. Tiisdei wûn er de 1500 meter en woansdei is er 2e wurden op de 5 km, mei in tiid fan 6.18.56. Bob de Jong wûn de 5 kilometer. Koen Verweij, Ted-Jan Bloemen, Jan Blokhuijsen hawwe harren ek pleatst foar it EK dat hâlden wurdt op 6, 7 en 8 jannewaris.

Douwe de Vries hat him pleatst foar de wrâldbeker op de 5 kilometer. Sven Kramer en Jorrit Bergsma wiene al wis fan dielname.

Douwe de Vries ried de fjirde tiid op de 5 kilometer. Dat wie goed genôch om yn it nije jier opnij mei te dwaan oan de wrâldbekerwedstriden op de langste ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)