Sikehuzen klear foar âldjier

28 des 2011 - 16:59

Mei al dat swiere yllegale fjoerwurk is it mei âld en nij wer wachtsjen op de earste slachtoffers. Sikehûzen, lykas it MCL yn Ljouwert, sette ekstra personiel yn om slachtoffers op te fangen.

Njonken de gewoane pasjinten mei bygelyks in hertoanfal wurde op 1 jannewaris ek fjoerwurkslachtoffers nei de sikehuzen brocht. As de spesjalisten ynset wurde moatte, giet it meastentiids om slachtoffers fan swier yllegaal fjoerwurk. De slachtoffers hawwe dêr faak bliuwend lichaamlik letsel fan.

Trefwurden: 
MCL fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)