Swierdere straffen fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Besitters fan en hannelers yn swier fjoerwurk wurde dit jier swierder straft. Neist boetes en taakstraffen moatte se mooglik de sel yn.
In 48-jierrige ynwenner fan Menaam waard freed feroardiele ta twa wike sel, omdat er in fjoerwurkbom makke hie en ûntploffe liet. De man sette it filmke op ynternet om sjen te litten hoe in fjoerwurkbom te meitsjen. De Menamer brûkte gewoan fjoerwurk en flessen waskbenzine. By de lêste jierwiksel stuts er op in boartersfjild yn Stiens de bom oan. Neffens de rjochter brocht er dêr oaren mei yn grut gefaar.