Ynset Grinslanner brânwacht

28 des 2011 - 16:05

De brânwacht fan Kollumerlân en boargemaster Bearn Bilker binne fernuvere dat in part fan de brânwachtynset yn de gemeente oernaam is troch Grinslân. Oarsom is it ek de bedoeling dat de brânwacht nei Grinslân giet, as sy dêr gauwer wêze kinne. Dat is al sûnt 1 novimber it gefal, mar yn Kollumerlân wisten se fan neat. It giet ûnder mear om de doarpen Kollumerpomp, Feankleaster en Kollumersweach.

Troch de nije meldkeamer yn Drachten binne gebieten nij yndield. Bilker is lid fan in advyskommisje foar yndieling brânwachtgebieten. De yndieling fan de meldkeamer fytst dêr dwers trochhinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)