'Wetterhûn kultureel erfguod'

28 des 2011 - 14:47

Besitters fan wetterhûnen freegje Twadde Keamerleden om yn aksje te kommen foar behâld fan it Fryske hûneras. Se binne benaud dat it âlde Fryske hûneras ferdwynt. Der binne plannen om de wetterhûn mei oare rassen te krusen, bygelyks mei labradors. Dêr is de aksjegroep 'Behâld de wetterhoun' poer op tsjin, omdat dan it ras ferlern giet. De aksjegroep wol de wetterhûn ynkruse mei de Fryske boerewetterhûn.

De Feriening fan Stabij- en Wetterhûnen wol dat de wetterhûn kultureel erfguod wurdt. Om't der yn ferhâlding net folle wetterhûnen binne, is it gefaar foar yntylt grut.

De aksjegroep 'Behâld de wetterhoun' hold woansdeitemiddei om healwei fiven in aksje yn ir Rengerspark yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)