See-earnen wer aktyf
De see-earnen dy't dit jier yn it Lauwersmargebiet in jong grutbrocht hawwe, binne opnij aktyf op it nêst. Steatsbosbehear sjocht dat as in posityf teken en ferwachtet dat de bisten opnij aaien lizze sille. De earste kear mislearre it.
Dit jier is der ien jong grutbrocht. De trend by see-earnen is dat in folgjende kear dan faak twa piken útbret wurde.