Sionsberg siket nije direkteur

Soarchgroep Pasana moat op syk nei in direkteur dy't de feroarings yn sikehús De Sionsberg yn Dokkum oanstjoert. Haijo Homan soe de taak op him nimme. Hy hat witte litten de funksje net oan te nimmen. De ôfrûne wiken hat er praat mei ynterne en eksterne belutsenen en mei de polityk. Op basis dêrfan is er ta de konklúzje kaam dat er de rol fan direkteur feroaringsmanagement net op him nimme kin.
De Ried fan Bestjoer en de medyske stêf skriuwe de kommende wiken in soarchbeliedsplan.
Foar de begelieding fan it feroaringstrajekt moat no in nije manager socht wurde.