Jildkrapte by fersoargingshûs
Fersoargingshûs De Uiterton op Flylân is yn finansjele problemen rekke, omdat der safolle bewenners yn koarte tiid ferstoarn binne. Dêrtroch komt der folle minder jild fan de AWBZ, wylst de kosten foar de fersoarging wol trochrinne. Der binne no noch seis bewenners, wylst der op syn minst alve nedich binne.
De Nederlandse Zorgautoriteit jout no 213.000 euro om de problemen op te lossen. It bestjoer fan De Uiterton is al langer dwaande om de soarch op Flylân oars te regeljen.