Oerstekkende fytser skept

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige fytser út Snits is tiisdei op de Rûnwei yn syn wenplak ferwûne rekke by in oanriding. In 28-jierrige automobilist út Snits seach te let dat de fyster by in oerstekplak de dyk oerstuts. In oanriding wie it gefolch.
De jonge kaam op de motorkap fan de auto telâne en foel dêrnei op de dyk. Hy is mei ferwûnings oan it skouder oerbrocht nei it sikehús.