Warskôging: nepmails Hefpunt

06 maaie 2013 - 14:54
  • Hefpunt warskôget foar falske ynkasso-mails

Wetterskip Fryslân warskôget minsken foar in falske mail fan it betellingssintrum Hefpunt. Yn dizze mail wurde minsken frege om sa gau mooglik in bedrach te stoarten omdat se in betellingsefterstân hawwe soene. De mail dûkte ferline wike freed foar it earst op. Wêr't er weikomt is net bekend.

Neffens in wurdfierdster ferstjoert it Wetterskip noait rekkens oer de mail. Sy ropt minsken op om de mail te negearjen en fuort te smiten. Der is oanjefte fan de falske mails dien by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)