Lauwersmar: 2 see-earnen berne

06 maaie 2013 - 14:25

Yn it Lauwersmargebiet binne twa jonge see-earnen berne. Se binne sjoen troch meiwurkers fan Steatsboskbehear en Sovon. Ferline jier waard der ien jong grutbrocht, lykas yn 2011. Twa wike lyn wie neffens Steatsboskbehear oan it gedrach fan de fûgels al te sjen dat der nei alle gedachten in aai útbret wie. It wyfke siet doe net mear yn it nêst, mar op de râne.

Steatsboskbehear hold it nêst dêrnei ekstra goed yn de gaten. De twa jonge see-earnen sille noch seker twa moanne op it nêst bliuwe.

Trefwurden: 
see-earn Lauwersmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)