Fermiste frou Bûtenpost werom

27 des 2011 - 20:18

De 57-jierrige frou fan Bûtenpost dy't tiisdei as fermist opjûn wie troch har famylje is wer werom. De frou kaam oan it begjin fan de jûn sels wer thús. De plysje hie earder noch grut alaarm slein om har fermissing. Der wiene ûnder oare in helikopter en in sykhûn ynset om har te sykjen.

De frou sil help oanbean krije. It is net bekend wêr't de frou yn de tuskentiid west hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)