Nij stadion Cambuur by WTC?

06 maaie 2013 - 12:52

De gemeente Ljouwert kin net folle dwaan om Cambuur te helpen by de bou fan in nij stadion op it terrein fan it WTC. Dat seit sportwethâlder Andries Ekhart. Neffens Ekhart moat der yn it foarste plak in goeie ynvestearder komme dy't jild yn it projekt stopje wol. Finansjele stipe fan de gemeente foar topsport is neffens Europeeske regels ferbean.

Wiziging fan it bestemmingsplan mei ûnder oare romte foar winkels is wol mooglik. Mar wol op betingst dat it net ten koste giet fan oare winkels.

De seleksje fan Cambuur wurdt moandeitejûn om kertier oer sânen huldige by de Aldehou. De huldiging wurdt in kertierke letter as earst pland, omdat de spilers moandeitemiddei ferplichtings hawwe yn Arnhim en earst fan Arnhim nei Ljouwert reizigje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)