Soad tips oer moard asylsiker

06 maaie 2013 - 12:14

De plysje hat oant moandeitemoarn 65 reaksjes krigen op in spesjale webside oer de moard op de Iraanse asylsiker Mostafa Talaie (43). Hy waard 18 febrewaris yn Oisterwijk om it libben brocht. Talaie wenne yn 2012 yn it asylsikersintrum yn Burgum.

Op de dei fan de moard reizge er fanút it AZC yn Ter Apel nei Burgum om dêr persoanlike besittingen op te heljen. Dêrnei giet er fanút Ljouwert mei de trein nei Den Bosch en doe mei de bus fierder nei Oisterwijk. Talaie bekearde him yn Burgum ta it kristendom.

Ien fan de scenario's dy't de plysje ûndersiket is dat Talaie om it libben brocht is fanwege syn bekearing fan moslim ta kristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)