Himpplantaazje yn Noardwâlde

© Omrop Fryslân
Plysjes hawwe sneintemiddei in himpkwekerij oantroffen yn in loads oan de Industriestrjitte yn Noardwâlde. De kwekerij mei inkelde tsientallen himpplanten waard ûntdutsen nei in brân.
Troch de brân binne ferskate brommers fernield rekke. Der wiene gjin ferwûnen. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de brân en fansels ek nei de himpkwekerij.