Henk Deinum lûkt PvdA-list

Henk Deinum
Henk Deinum wurdt nei alle gedachten de nije PvdA-listlûker by de riedsferkiezings fan de gemeente Ljouwert yn novimber. Deinum (57) is sûnt 2009 wethâlder yn Ljouwert. De top fjouwer fan de kandidatelist bestiet fierder út de hjoeddeiske fraksjefoarsitter Sjoerd Feitsma, Tamara Bok en kollega-wethâlder Andries Ekhart.
Opfallend is it sânde plak fan de 17-jierrige nijkommer Britt Hendrix. De nestor fan de PvdA, Jan van Olffen, stiet net mear op de list. De leden fan de PvdA meie har op 25 maaie oer de list útsprekke.