Winst trio Bauke Triemstra

It winnende partoer yn Frjentsjer © Henk Bootsma
Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra ha snein de earste frije formaasjepartij fan dit seizoen ferrassend wûn. Yn Frjentsjer waard it trio Rutmer van der Meer, Renze Piter Hiemstra en Hylke Bruinsma nei in 2-4 efterstan mei 5-4 en 6-0 ferslein. De tredde priis wie foar Menno van Zwieten, Folkert van der Wei en Hans Wassenaar. Bauke Triemstra waard ta kening útroppen.
De froulju keatsten in ôfdielingswedstriid. De winst wie foar Frjentsjer, foar Easterein en Boazum.