SCO wint Fryske kuorbalderby

SCO
De Fryske kuorbalderby yn de haadklasse A tusken SCO en Mid-Fryslân is sneintemiddei wûn troch SCO, dat mei 16-15 krekt te sterk wie foar de formaasje út Grou en Reduzum. Yn Aldeholtpea pakte de thúsploech yn de earste helte in wichtige foarsprong. By rêst stie der in 10-5 tuskenstân op it boerd.
Nei rêst begong Mid-Fryslân oan de ynhelrace. Dy kaam lykwols te let op gong, wêrtroch't SCO by it einsinjaal oan it langste ein luts. De ploech fan trainer Hillebrand Diever pakte dêrmei wichtige punten yn de striid tsjin degradaasje.
SCO stiet mei 8 punten út 11 wedstriden op it sechsde plak, krekt boppe de degradaasjestreek. Mid-Fryslân stiet lykas LDODK op in dield 4e plak mei 9 punten út 10 wedstriden. De kampioen is al bekend. DVO út Bennekom wûn oant no ta alle wedstriden en is net mear yn te heljen.