Flister set moandei útein

05 maaie 2013 - 16:59

De trije Noardlike regionale omroppen sette moandei offisjeel útein mei it radiowarskôgingssysteem Flister. Bestjoerders hearre dan op de autoradio in sirene as warskôging dat se oan 'e kant gean moatte foar ambulânse en brânwacht.

Foarearst dogge allinnich Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe mei oan de Flister dy't in Nederlânske útfining is. Om de Flister mooglik te meitsjen moast earst ien en oar feroare wurde yn de wet. Dêr hat it Frysk Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe in wichtige rol yn spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)