Sven Kramer wint 1500 meter

27 des 2011 - 18:06
  • Sven Kramer

Sven Kramer hat tiisdei yn iisstadion Thialf de 1500 meter wûn. Kramer wie mei 1.47,33 flugger as alle konkurrinten. Rhian Ket waard twadde, Koen Verweij waard tredde.

Troch de winst hat Kramer goeie saken dien om him te kwalifisearjen foar it EK allround yn Boedapest. Kramer moat woansdei noch wol in fiif kilometer ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)