H'fean net wis fan play-offs

Marco van Basten © awfoto.nl
Yn 'e striid om pleatsing foar de play-offs hat SC Hearrenfean snein djoere punten ferspile troch mei 2-4 te ferliezen fan FC Utrecht. Yn it eigen Abe Lenstrastadion kaam Hearrenfean op 1-0 troch in treffer fan Yassine El Ghanassy. Fuort dêrnei makke Utrecht de lykmakker út in frije traap.
Nei rêst krige Hearrenfean grutte kânsen. Utrecht hie it fizier wol op skerp en rûn út nei 1-3. El Ghanassy wist mei syn twadde treffer de spanning efkes werom te bringen. It fjirde Utrechter doelpunt makke lykwols in ein oan de yllúzjes.
Nije wike spilet de ploech fan Marco van Basten de lêste kompetysjewedstriid út by Roda JC, wêr't de ploech him noch pleatse kin foar de play-offs foar Europeesk fuotbal.