Huldiging live op radio en tv

Yuri Rose (L) en trainer Henk de Jong © ANP
De huldiging fan Cambuur yn Ljouwert is moandeitejûn live te folgjen by Omrop Fryslân radio en televyzje. De huldiging is op it poadium fan it Befrijingsfestival by de Aldehou dat in dei langer stean bliuwt. Cambuur behelle freedtejûn promoasje nei de earedivyzje en dat wol de stêd Ljouwert fiere.
De huldiging begjint om 7 oere jûns. It terrein giet al om 6 oere iepen. Earst is de huldiging, dêrnei hâldt de boargemaster in koarte taspraak en dan folget in muzikaal programma.