VVD wol sekerheid dyk Akkrum

05 maaie 2013 - 10:47

De minne finansjele sitewaasje fan de gemeente Hearrenfean mei gjin beheining wêze foar de oanlis fan in dyk om Akkrum hinne. Dat fynt de VVD yn de gemeenterie fan Hearrenfean. Doel is dat der foar 2018 in dyk om Akkrum hinne komt om tsjin te gean dat swier ferkear noch langer troch it sintrum fan it doarp moat. De gemeente Boarnsterhim hat in diel fan it jild al reservearre.

De VVD fynt dat de oanlis fan de dyk ek trochgean moat as Akkrum nei de weryndieling fan Boarnsterhim oergiet nei Hearrenfean.

De partij wol fan boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean witte oft de twa gemeenten der ôfspraken oer makke hawwe en hoe't dy der dan útsjogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)