Harkiten spylje harren feilich

04 maaie 2013 - 16:30
  • Harkemase Boys pakt punten tsjin VVOG
  • Harkemase Boys pakt punten tsjin VVOG
  • Harkemase Boys pakt punten tsjin VVOG

Harkemase Boys hat sneon goede saken dien yn de striid om liifsbehâld troch mei 2-1 te winnen fan VVOG. Op sportpark De Strokel yn Hurderwyk kamen de Harkiten nei in kertier spyljen op efterstân. Nettsjinsteande de grutte kânsen fersommen de Boys de lykmakker op it boerd te setten.

Nei rêst sette ynfaller Joël Wagenaar de Harkiten op likense hichte. Krekt foar de ein soarge Johnsen Bacuna foar de ferlossende treffer. Troch de winst is Harkemase Boys wis fan haadklassefuotbal takom seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)