De Vries wint 26e Brio-race
De 26e Brio-race is sneon wûn troch Jendrik de Vries fan Terherne. Yn syn ufosylboat wie er de rapste yn eigen doarp. It twadde plak wie foar Baint Kramer út Sniksweach. Peyo van Dam fan Terherne makke it poadium kompleet.
De organisaasje sjocht werom op in tige slagge dei. It prachtige waar en de geunstige wyn soargen foar rekôrtiden by de dielnimmers.