Mear kuierders alvestêdetocht

De organisaasje fan de kommende Kuieralvestêdetocht is tefreden oer it tal ynskriuwings oant no ta. Dat koe oant fannacht tolve oere op ynternet. Foar de kuiertocht fan fiif dagen hawwe harren 750 minsken opjûn. Dat binne wat mear as ferline jier. Der sitte aardich wat nije dielnimmers by. Foar de tocht fan ien dei hawwe harren oant no ta 300 minsken opjûn.
Fanwege it foarseine moaie waar ferwachtet de organisaasje dat harren by de start noch mear minsken oanmelde sille. De kuieralvestêdetocht begjint no tiisdei.