Sykaksje nei frou yn Bûtenpost

27 des 2011 - 17:05

De plysje is tiisdei yn 'e rin fan 'e middei by Bûtenpost mei in helikopter op syk gien nei in fermiste frou. De 57-jierrige frou is yn betize tastân op de fyts fuortgien. De plysje siket ek mei speurhûnen nei de frou.

Minsken dy't de frou sjoen hawwe wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje. De frou wurdt sûnt tiisdeitemoarn fermist.

De plysje hat ek Burgernet ynskeakele om de frou te finen. It giet om in blanke frou fan 57 jier, sy draacht in brune 3/4 houtsje-toutsje jas. De frou hat swart kroljend hier en is ôfset op in blau-griene frouljusfyts mei in kuorke foarop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)