Feanfroulju net fierder as 1-1

04 maaie 2013 - 13:27
  • SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed mei 1-1 lykspile tsjin Oud-Heverlee Leuven. Op eigen fjild kamen de Feanfroulju net skerp út 'e startblokken. By beide ploegen lei it baltempo leech. Hearrenfean krige de bêste kânsen, mar kaam net ta skoaren.

Nei rêst setten de gasten út België yn de 67e minút de iepeningstreffer op it boerd. Mei noch in kertier op 'e klok wie it Bernou Hijlkema dy't út in prachtige frije traap tekene foar de fertsjinne lykmakker.

De fuotbalfroulju fan trainster Jessica Torny stean mei 22 punten út 11 wedstriden op it tredde plak yn de BeNe League B. Der stean noch trije wedstriden op it program foar de Feanster froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)