Friezen stypje Omrop en Frysk

04 maaie 2013 - 12:55

Der is romme stipe foar de posysje fan Omrop Fryslân, sawol yn Fryslân as ûnder Friezen om utens. Dat docht bliken út in brief fan it Frysk Bûn om Utens oan de Twadde Keamer en in enkête fan Een Vandaag en Omrop Fryslân yn Fryslân.

De tweintich Fryske Kriten bûten de provinsje wize op de bysûndere posysje fan it Frysk en de omrop. Se ûnderskriuwe de konklúzjes fan de kommisje-Hoekstra. Dy advisearre koartlyn it regear dat der in folslein media-oanbod wêze moat yn it Frysk.

De Friezen om utens hawwe dêr wol noed oer. Wat harren it measte stekt, is dat de Omrop net yn hiel Nederlân op de kabel te krijen is. Ut de enkête ûnder 950 Friezen docht bliken dat acht op de tsien finansjele stipe fan de oerheden foar it Frysk in goede saak fynt. 85 Prosint fynt dat Omrop Fryslân wichtich is foar it behâld fan de Fryske taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)