Taspraak kening no ek yn Frysk

03 maaie 2013 - 17:34
  • Kening Willem-Alexander

Op de website fan it Keninklik Hûs is de taspraak fan kening Willem-Alexander no ek beskikber yn it Frysk en it Papiamento, de taal fan it Karaibysk part fan it keninkryk.
It giet om de taspraak dy't de kening hâlde by syn beëdiging yn ynhuldiging yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam.

In lyts sitaat út de taspraak: Yn it winnen fan wjersidich betrouwen leit in oanhâldende opjefte, yn it lyts en yn it grut. De folsleine taspraak is te finen op www.koninklijkhuis.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)