Boek oer fersetsman Eisenga

03 maaie 2013 - 17:12

70 jier nei syn dea is der in boek útkaam oer de ferneamde Gordykster Jan Eisenga. Eisenga wie ûnderwizer op De Gordyk en derneist ek aktyf foar de Fryske taal en as sosjalist. Hy kaam yn de Twadde Wrâldoarloch yn ferset tsjin de Dútske besetter en dat moast er op 4 maaie 1943 mei de dea bekeapje.

It boek is skreaun troch âld-skoalmaster en âld-foarsitter Roel van der Heide fan Museum Opsterlân. Neffens Van der Heide hie Eisenga útgroeie kinne ta in wichtige namme yn de Fryske skiednis, as hy net troch de Dútsers fusillearre wie.

Trefwurden: 
ferset Jan Eisenga Gordykster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)