Djuricic definityf nei Benfica

03 maaie 2013 - 16:44

Filip Djuricic giet definityf nei Benfica. Dat befestiget Sportklup Hearrenfean. Neffens technysk direkteur Johan Hansma wie it net tsjin te hâlden: 'Als voetballiefhebbers betreuren wij het vertrek van Filip, want hij heeft ons vele mooie momenten bezorgd. Filip is echter toe aan de volgende stap in zijn carrière. Wij gunnen hem deze transfer dan ook van harte.'

De Servyske international Djuricic giet nei de klup, dêr't hy as jonkje al fan fan wie. Benfica pleatste him tongersdei foar de finale fan de Europa League.

Djuricic stie ek yn de belangstelling fan Nederlânske klups as Ajax en Twente, mar keas úteinliks sels foar de Portugese topklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)