Ynsynje foar Roelof Korporaal

68 jier nei de ein fan de oarloch hat Roelof Korporaal (94) fan Kollum freed it Draaginsigne Veteranen krigen. Korporaal is de lêste noch libjende feteraan dy't fochten hat by Koarnwertersân. De feterane-ûnderskieding wurdt útrikt oan militêren en eks-militêren dy't meidien ha oan oarlochshannelingen yn Nederlân, Nederlânsk Ynje of lettere misjes yn Libanon of Afganistan.
It ynsynje wurdt takind troch de minister fan definsje. Korporaal is ek drager fan it Mobilisaasjekrús en it Oarlochskrús.
It is net dúdlik wêrom't de Kollumer it ynsynje net earder krigen hat.