Littenseradiel kiest fariant 1

03 maaie 2013 - 11:24
  • Littenseradiel wurdt yn trijen knipt

De gemeente Littenseradiel hâldt ein maaie opnij in ynspraakjûn oer de weryndieling. Ynwenners kinne dan har miening jaan oer it einfoarstel fan it kolleezje. Dat kiest foar fariant 1, wêrby't de doarpen Wjelsryp, Baaium, Winsum en Spannum nei de takomstige gemeente Noardwest-Fryslân gean.

Easterlittens, Mantgum en Jorwert gean mei de omlizzende doarpen nei Ljouwert. De rest fan de doarpen wurdt tabedield oan Súdwest-Fryslân. Littenseradiel hold earder al 23 ynsprekjûnen. De reaksjes dêr binne meinaam yn it einfoarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)