Undersyk nei gas ûnder Waadsee

Der komt oanfoljend ûndersyk nei de winning fan ekstra gas ûnder de Waadsee. Dat hat minister Kamp tasein oan de Waadferiening. Dy frege om oanfoljend ûndersyk, omdat de feriening fynt dat it ûndersyk dat de NAM docht net goed genôch is. De NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij, sil ek it ekstra gas ûnder de Waadsee weihelje.
As út it oanfoljend ûndersyk nei foaren komt dat de boaiem mear sakket as ôfpraat, dan nimt de minister mooglik maatregels.