PvdA Lj'diel lulk op kolleezje

27 des 2011 - 12:34

De Pvd fan Ljouwerteradiel fynt dat b. en w. fan de gemeente mei faasje ek mei Ljouwert prate moatte oer mooglike gearwurking. B. en w. wolle leaver fusearje mei Frjentsjerteradiel. De PvdA fynt dat dit beslút net doocht, omdat nea ûndersocht is wat de foar- en neidielen binne fan de kar foar Frjentsjer en tsjin Ljouwert. Ek is ien en oar net mei de gemeenteried bepraat.

De PvdA wol in ûndersyk nei de foar- en neidielen fan mooglike fúzje mei de gemeente Ljouwert.

De provinsje is fan betinken dat Ljouwerteradiel it bêste mei Ljouwert fusearje kin, omdat Stiens en omkriten dochs al bot op de Fryske haadstêd oriëntearre binne. Troch net foar Ljouwert mar foar Frjentsjer te kiezen bewege b. en w. harren op in 'dearinnende wei', sa seit wurdfierder De Kroon fan de PvdA yn Ljouwerteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)