Spanning nimt ta by Cambuur

03 maaie 2013 - 07:38

Hy hat amper sliept, earelid Anno Gersjes(84) fan Cambuur. De wedstryd dy't syn klup freedtejûn tsjin Excelsior spylje moat soarget foar spanning. Mocht Cambuur winne en Volendam ferliest fan Go Ahead Eagles dan promovearje de Ljouwerters nei de earedivyzje.

Gersjes kin net by de wedstryd wêze, omdat er famyljeferplichtings hat. Ta syn grutte spyt, mar by it meitsjen fan syn ôfspraak hie er net tocht dat de wedstryd tsjin Excelsior sa wichtich wurde soe. Neffens Gersjes kin Cambuur de earedivyzje oan, as der fersterking oanlutsen wurdt.

De wedstryd fan jûn soarget der foar dat der freedtemoarn betiid al fans by it Cambuurstadion yn Ljouwert te finen binne. Dy fans kinne dêr de útwedstryd folgje op in grut skerm. Fan de 2500 beskikbere kaartsjes binne 500 ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)