Krityk UR oer gemeentesiktaris

Yn Smellingerlân is opskuor ûntstien oer de proseduere foar in nije gemeentesiktaris. It kolleezje hat foarsteld om hjirfoar op 1 jannewaris in ynterne kandidaat foar te beneamen. De ûndernimmingsried fynt lykwols dat de proseduere net soarchfâldich dien is. Sa soe der te betiid ien benadere wêze foar de funksje en is der te min sjoen oft der genôch draachflak is foar dizze beneaming.
Boargemaster Bert Middel hat yn in brief reagearre en seit dat der gau in kandidaat beneamd wurde moast foar de fuortgong fan it belied. Boppedat soe de ynterne kandidaat it meast geskikt wêze.