Kemping mei ôfwaskmasine

Kemping Weidumerhout oan de Swette hat dit seizoen as earste kemping fan Fryslân in pear ôfwaskmasines pleatst foar de kampearders. It giet neffens Eddy de Boer fan it rekreaasjebedriuw om tige miljeufreonlike apparaten mei griene sjippe en in minimaal wetterferbrûk. Wa't in steanplak boekt, krijt de munten foar de ôfwaskmasine der fergees by.
De earste kampearders reagearje ferrast op de nije foarsjenning. Guon âldere kampearders neame in ôfwaskmasine 'oerdreaun' en 'te lúks', mar jongere kampearders reagearje optein.
Echt drok is it noch net op de kemping by Weidum. Der steane allinnich in stikmannich caravans en kempers op it terrein. Kampearders mei tinten litte har noch net sjen. Eddy de Boer ferwachtet dat it nije wike wol wat oanlûke sil yn it lange Himelfeartwykein. Weidumerhout hat njonken in kampearterrein ek in lytsskalich hotel. Foar de hotelkeamers is op it stuit mear belangstelling as foar it kampearterrein.