Man ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In automobilist (20) út Boyl is moandei yn Elslo ferwûne rekke. De man krige op de krusing fan de Eikenhorst en de Bûtenwei gjin foarrang fan in man (74) út Steggerda. By de botsing rekke de man út Boyl ferwûne oan it skouder.
Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht, de oare bestjoerder koe op it plak fan de oanriding behannele wurde.